Ald-deputearre Ploeg wol wynmolereferindum

14 nov 2014 - 15:38

In groep tsjinstanders fan nije wynturbines yn Fryslân, mei ûnder oare keunstner Ids Willemsma, arsjitekt Rein Hofstra en âld-deputearre Jan Ploeg set harren inisjatyf foar in referindum troch. Tongersdei ha de fraksjefoarsitters yn de steaten sein dat se gjin referindum wolle, mar de tsjinstanners komme dochs mei in offisjeel fersyk.

Moandei begjinne 4 harksitten oer it plan fan Deputearre Steaten om wynturbineparken te bouwen by de kop fan de Ofslútdyk en yn de Iselmar. De tsjinstanners begjinne dan mei it sammeljen fan 1700 hantekens.

Der hawwe har 70 ynsprekkers oanmeld foar de harksitten dy't de provinsje hâldt oer de wynturbines. Dy harksitten binne op 17, 18, 20 en 24 novimber. Eins binne der 1658 hantekens nedich. Jan Ploeg hopet dat it slagget om dy by de harksitten te garjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)