Rayonhaad: Twadde rûte troch Snits fierhinne klear

14 nov 2014 - 15:17
  • De alternative rûte giet oer de Middelseerûte
  • De alternative rûte giet dêrnei oer de stedsgrêften nei de Wetterpoarte.

Rayon Snits hat de alternative rûte foar alvestêderiders al sa goed as klear, seit rayonhaad Johan Hoogland. De alternative rûte giet oer de saneamde Middelseerûte en dêrnei oer de stedsgrêften nei de Wetterpoarte. De twadde rûte soarget derfoar dat Snits nochris 12.000 riders ekstra oan kin.

Freed makke it alvestêdebestjoer bekend dat se it tal dielnimmers flink útwreidzje wolle. Yn Snits soe dat problemen opsmite kinne op de besteande rûte, mar dêr is wat op betocht. De riders op de nije rûte moatte wol in soad klune by brêgen.

It iis sil dêr nei alle gedachten net sterk genôch wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)