65 banen fuort by jeugdhelporganisaasje Accare

By jeugdhelporganisaasje Accare ferdwine sa'n 65 fan de 650 banen. Dit as gefolch fan de nije jeugdwet, dy't op 1 jannewaris yn giet. Accare fersoarget jeugdhelp yn Fryslân, Grinslân en Drinte op 25 lokaasjes, wêrfan trije yn Fryslân. Dy binne yn Ljouwert, Drachten en Snits.
Accare kiest der foar om op de gruttere lokaasjes te krimpen en op in tal lytsere lokaasjes fierder te gean. Wêr krekt is op dit stuit noch net bekend. Sa moatte bern en harren âlden tichteby hûs holpen wurde kinne.