Fjochtsjende hûnen útinoar helle yn Burgum

14 nov 2014 - 13:21

De plysje hat tongersdei yn Burgum twa fjochtsjende hûnen útinoar helle en nei de opfang brocht. De plysje krige middeis in melding dat er yn de tún fan in hûs oan de Bothenius Lohmanleane twa hûnen oan it fjochtsjen wiene. Doe't de plysjes oankamen, seagen se de twa hûnen ûnder it bloed mei-inoar yn gefjocht. Se binne mei help fan pepperspray útinoar helle.

De hûnen wiene meager en moasten fanwege de ferwûnings troch in bistedokter behannele wurde. Dêrnei binne se nei in opfangadres brocht. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)