Langer wachtsje op in Batavus-fyts

Grutte drokte soarget der foar dat klanten fan Batavus langer op har fyts wachtsje moatte. De drokte komt benammen troch feroarings yn de regeling foar it keapjen fan in fyts fia it bedriuw dêr't je wurkje. Dy regeling wurdt mei yngong fan it nije jier fersobere en minsken skaffe dêrom foar 1 jannewaris noch massaal in fyts oan.
Ek it moaie waar spilet in rol, seit kommersjeel direkteur Menno Visser fan it fytsefabryk. Batavus hat tydlik ekstra meiwurkers oannommen om alle oarders te ferwurkjen.