Autodyk Ljouwert-Boalsert ticht by Húns

14 nov 2014 - 11:32

It kommende wykein wurdt in fuotgongers- en fytstunnel pleatst ûnder de N359 by de krusing fan Húns en Leons. Der barre in soad ûngelokken op dizze krusing en dêrom wurdt dizze no oanpakt. De tunneleleminten wurde mei in grutte kraan op harren plak takele.

De dyk is sadwaande yn it wykein ticht. Moandei giet de N359 wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)