Lemster mei 300 nitraatbommen oppakt

Nitraatbommen
In 17-jierrige Lemster is tongersdei oanhâlden omdat hy yllegaal fjoerwurk ôfstuts. Hy die dat op de Melkweg yn syn wenplak. De jonge hie 300 nitraatbommen by him, ferstoppe yn de buddyseat fan syn scooter. It fjoerwurk wie alle gedachten bedoeld foar de hannel. De jonge sit fêst foar fierder ûndersyk.
De plysje Snits krijt op't heden in soad meldings oer fjoerwurkoerlêst. De plysje seit dat se der wol op ynspylje, mar dat it meastentiids dreech is de dieders te achterheljen.