Alvestêden krijt twa rûtes troch Snits

14 nov 2014 - 10:21
  • Foarsitter Wiebe Wieling

It bestjoer fan de Alvestêdetocht is dwaande om twa rûtes troch Snits te ûntwikkeljen. Njonken de besteande rûte troch it sintrum soe der in nije rûte oan de eastkant fan de stêd komme moatte. Dy nije rûte is noch net klear, mar it bestjoer is der mei dwaande en hopet de alternative rûte yn 2016 klear te hawwen.

Op dy wize wol foarsitter Wiebe Wieling fan it Alvestêdebestjoer romte biede oan mear dielnimmers as foarhinne. It bestjoer fan de feriening wol de kapasiteit fan it tal toerriders útwreidzje, sadat alle leden meidwaan kinne.

Snits is yn dit stribjen in knipepunt. Nei Snits en Drylts leit it fjild mear útinoar en is der foldwaande kapasiteit foar sa'n 24.000 dielnimmers, sa tinkt Wieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)