Boer fiifde, Oenema njoggende op 500 meter

14 nov 2014 - 10:19

Reedrydster Margot Boer fan Goaiïngaryp is by de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Obihiro fiifde wurden op de 500 meter. Boer is de Nederlânsk kampioen op de 500 meter. Se moast Olympysk kampioene Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä, de Japanse Nao Kodaira, de Russise Olga Fatkoelina en de Dútse Judith Hesse foargean litte. Sang-Hwa Lee klokte 38.07, Boer 38.73.

Thijsje Oenema fan De Jouwer waard njoggende en Anice Das fan It Hearrenfean fyftjinde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)