Alvestêdetocht: romte foar alle leden

14 nov 2014 - 10:13

As der wer in Alvestêdetocht komt, dan wurdt dy oars as yn 1997. It bestjoer fan de Alvestêdetocht wol mei yngong fan 2016 alle leden de romte jaan om te riden. Dit betsjut dat der net mear lotte wurdt. Om alle leden de romte te jaan wol it bestjoer twa rûtes om en troch Snits ûntwikkelje.

It ynskriuwen sil tenei plakfine yn de nije Ljouwerter iishal, de Elfstedenhal. It bestjoer wol de dielnimmers oan de wedstriid transponders jaan, sadat se goed folge wurde kinne. Dat fertelde foarsitter Wiebe Wieling freed op in parsekonferinsje.

Dielnimmers moatte tenei ek mei in heske ride. Wieling hopet sa swartriders effektyf bestride te kinnen. It basiskritearium foar it útskriuwen fan in Alvestêdetocht bliuwt gelyk: der moat yn de folsleine rûte 15 sentimeter iis lizze. It bestjoer fan de Alvestêdeferiening sil de plannen de kommende moanne foarlizze oan de leden. Wieling tinkt op basis mei toertochten fan de ôfrûne jierren dat it yn prinsipe mooglik is om in tocht mei mear riders as foarhinne út te skriuwen. It bestjoer tinkt dat, mei de nedige oanpassings, útwreiding oant 24.000 riders mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)