Sven Kramer wint 5000 meter
Sven Kramer hat de 5000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Obihiro wûn. Hy die dit mei in baanrekôr fan 6.20.90. It wie syn 25-ste wrâldbekeroerwinning op dizze ôfstân.
De Rus Aleksandr Roemjantsev waard twadde mei in tiid fan 6.23.56. Wouter olde Heuvel waard mei 6.24.03 tredde. Douwe de Vries waard sânde yn 6.28.78.