Direkteur Roeli Mossel fuort by de KwadrantGroep

13 nov 2014 - 19:50

Direkteur Roeli Mossel giet fuort by de KwadrantGroep. Hjirûnder falle de soarchorganisaasjes De Friese Wouden en Palet. Mossel is beneamd as bestjoerder by de NNCZ, de Noord Nederlandse Coöperatie Zorginstellingen mei sân festigingen yn Drinte en Grinslân. Roeli Mossel makket de kar foar de NNCZ om de grutte feroarings yn de soarch fan de âlderein as einferantwurdlike stjoere te kinnen. De ried fan bestjoer fan de KwadrantGroep fynt it spitich dat Mossel fuort giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)