Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Fêstbûn 2.1

17 nov 2014 - 11:10

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 1 fan ôflevering 2.

Der ûnstiet gaos yn de kaapte bus. De klassegenoatsjes wurde fêstbûn. Denise, Lieske en Kevin sykje de oandacht fan de media. Johan fynt it allegearre mar 'in skytsoai'. Dan ûntkomt in grutte groep learlingen.

Besjoch ek de earste ôflevering fan 'De Útflecht'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)