Ferbou Clemenstsjerke start takom jier

13 nov 2014 - 16:48

De ferbou fan de ôfbaarnde Clemenstsjerke op It Amelân set takom jier lang om let útein. Dat is alteast it plan fan it parochybestjoer. De tsjerke baarnde op 5 febrewaris 2013 hast folslein ôf. Dat it sa lang duorre oant der mei de ferbou begûn wurde koe, hat te krijen mei it tal ynstânsjes dat belutsen is by it wurk.

Sa moast der bygelyks fan de stichting Monumintesoarch in goede arsjitekt op it projekt set wurde. It parochybestjoer wol yn jannewaris 2015 de omjouwingsfergunning oanfreegje. Dan kin yn juny útein set wurde mei it wurk.

Foar de oanbesteging wurde seis boubedriuwen oanskreaun. Trije hjirfan sitte op it eilân sels. De tsjerke sil foar in grut part itselde wêze as foarhinne, mei inkele útsûnderingen lykas flierferwaarming, goed sanitêr en in garderôbe.

Trefwurden: 
It Amelân Clemenstsjerke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)