Dei fan it Frânsk op CSG Liudger

13 nov 2014 - 16:24
  • Dei fan it Frânsk op it CSG Liudger
  • Dei fan it Frânsk op it CSG Liudger

It 'un-deux-trois' en 'au revoir' wienen tongersdei oan 'e oarder fan de dei yn Waskemar. Dêr waard op it CSG Liudger de dei fan it Frânsk holden. Dêr dienen twahûndert skoallen yn Nederlân oan mei. It doel fan de Frânske dei is learlingen it belang fan it Frânsk by te bringen.

Yn Afrika sille yn 2050 de measte minsken Frânsk prate, sa tinkt Corinne Hoogsteen, dosinte Frânsk. Neffens har fine learlingen it hieltyd dreger om Frânsk te learen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)