DataCenter Fryslân iepenet twadde lokaasje

DataCenter Fryslân hat tongersdei har twadde lokaasje iepene yn it eardere datacenter fan de Friesland Bank yn Ljouwert. Wethâlder Henk Deinum fersoarge de offisjele iepening. Dêrnei waard der sprutsen troch Else Maria van der Meulen, direkteur fan it datacenter en René Koopman, haad technyk.
Yn it sintrum wurde data- en telekommunikaasje apparatuer yn in feilige en folslein kondisjonearre romte bewarre. Dêrfoar waard de romte de ôfrûne moannen flink ferboud.