NDC op syk nei oplossing finansjele problemen

13 nov 2014 - 13:01
  • NDC mediagroep

NDC Mediagroep hopet foar de ein fan it jier in oplossing te finen foar de finansjele problemen dy't de groep boppe de holle hingje. In mooglike nije reorganisaasje is dêrby net út te sluten. Dat seit Dina Boonstra, sûnt septimber dit jier de nije direkteur fan de NDC.

"Wij zijn op dit moment druk met het maken van de begroting. Die moet er op 1 januari liggen", seit Boonstra dy't net foar de mikrofoan op de situaasje by it mediabedriuw reagearje wol. NDC moat op 1 febrewaris 2016 in liening fan 10 miljoen euro werom betelje oan de ING.

By in grutte reorganisaasje ferline jier waarden al 250 fan de 750 banen by it bedriuw skrast. It is bekend dat de Telegraaf Media Groep ynteresse hat om de NDC oer te nimmen. Mar fan petearen soe op dit stuit gjin sprake wêze.

De NDC is ûnder oare útjouwer fan de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en it Deiblêd fan it Noarden. Alle trije titels hawwe te krijen mei weromrinnende abonneminten en advertinsjeynkomsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)