ChristenUnie: minder asylsikers nei Riis

13 nov 2014 - 12:57

De fraksje fan de ChristenUnie yn de gemeente De Fryske Marren fynt de plannen om 500 asylsikers yn Riis op te fangen te fier gean. Neffens de fraksje moat it oantal asylsikers dat yn Riis opfongen wurdt, yn ferhâlding stean mei it tal ynwenners. Dêrom soe it COA útgean moatte fan de besteande kapasiteit fan Mooi Gaasterland fan sa'n 400 minsken.

De fraksje ropt oare fraksjes op om gau mei in stânpunt te kommen. De ChristenUnie wol dat de polityk en it COA in aktivere rol ha nei de bewenners ta om de rêst yn it doarp werom te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)