Boeren besykje mûzen te ferjeien mei wetter

In tal boeren rûnom Vegelinsoard hat sels in oplossing betocht foar de grutte mûzepleach, dy't dêr op dit stuit spilet. Om de mûzen te bestriden hawwe inkele boeren no harren lân ûnder wetter set, om sa de bisten nei bûten te twingen.
De mûzen soargje foar in soad skea by hûnderten boeren. It gers wurdt oanfretten en it lân fan de boeren sit fol gatten. De skea rint yn de miljoenen euro's.