Airbags út auto's Engelsma & Wijnia helle

13 nov 2014 - 11:55

By garaazjebedriuw Engelsma & Wijnia yn Ljouwert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei de airbags stellen út sa'n 50 nije auto's. De auto's markearden de trochstart fan it bedriuw. De auto's binne mei grof geweld iepenbrutsen. De skea rint yn de tûzenen euro's. De auto's dy't woansdei noch feestlik binnenhelle waarden, wurde no alwer ôffierd rjochting in skeabedriuw.

Goed in moanne lyn waard Engelsma & Wijnia fallyt ferklearre. It bedriuw is oernaam troch de eigeners fan autobedriuw Haaima, Arne Brouwers en Anne Tjeerd Haaima.

Brouwers is bot oandien troch de stellerij. Hy ropt tsjûgen op har te melden by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)