Diken It Bilt moatte feiliger

13 nov 2014 - 08:18
  • Biltdiken

Op It Bilt wurdt al mear as fyftich jier praat oer de feilichheid op de diken. De Aldebiltdyk en de Nijebiltdyk binne smel, mar der komt wol grut ferkear del. As minsken it hûs út stappe, stean se al op de dyk. De diken kinne net breder makke wurde, want dêr is gjin romte foar. Mar neffens de doarpsbelangen moat der al mear in gefoel fan feilichheid komme.

De gemeente soe begjin novimber al mei in foarstel komme hoe't de begrutte 900.000 euro bestege wurde sil oan feilichheidmaatregels, mar dat is útsteld nei de ried fan 18 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)