Bakkerij Tjoelker kampioen

13 nov 2014 - 07:37

Bakkerij Tjoelker út Drachten is woansdei earste wurden by de BakkersVakwedstrijden yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten. Tjoelker wûn it Nederlânsk Kampioenskip Brood en Banket. De winst is in moaie opstekker foar Tjoelker nei't in brân yn july foar in soad skea soarge. De bakkerij wie dernei wiken ticht.

José Vellinga fan bakkerij Breimer út De Jouwer wûn by de jeugd oant 22 jier. Der diene 170 bakkers oan de wedstriid mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)