Operasjonger Andrea Bocelli hat jacht út Snits kocht

© ANP
De bline Italiaanske operasjonger Andrea Bocelli hat in jacht fan Jetten Yachting út Snits kocht. Dat meldt de Telegraaf. De Libertas is yn septimber dit jier oplevere.
Bocelli hat it jacht oanpasse litte oan syn beheining. Sa is it lûd fan de motoren sa leech mooglik en binne de romtes feilich en komfortabel makke. De operasjonger is tige tefreden oer syn nije oanwinst.