Follybalfroulju Snits winne earste Europeeske wedstriid

De follybalfroulju fan Snits hawwe woansdeitejûn de earste Europeeske wedstriid yn de Challenge Cup wûn. Snits fersloech Alterno út Apeldoorn mei 3-2 yn sets. De Snitser froulju wûnen de earste set mei 25-21, mar kamen dêrnei yn de problemen: Alterno pakte de twadde en tredde set. Snits kaam sterk werom mei winst yn de fjirde (25-12) en de beslissende fyfde set (15-12) en helle dêrmei dochs noch de oerwinning binnen.
Oer twa wike is de return yn Apeldoorn. It wie de earste Europeeske wedstriid foar Snits yn mear as tweintich jier.