Konst wiis mei beslút KNSB oer status Thialf

Deputearre Hans Konst is der wiis mei dat Thialf ynkoarten in kontrakt foar fiif jier tekenje sil mei de KNSB. Dêrmei komme de wichtichste toernoaien wer op It Hearrenfean. Nei dy fiif jier moat sjoen wurde hoe't it mei de mooglike nijbou fan it TranSportium yn Zoetermeer stiet.
Ek rint der noch in ekstern ûndersyk nei de bestjoersstruktuer fan Thialf. In skoft lyn binne trije fan de fjouwer leden fan de ried fan kommissarissen opstapt omdat se fûnen dat der tefolle macht by de oandielhâlders (provinsje en gemeente) leit.
Konst ferwachtet binnen in pear wike de útkomsten fan dit ûndersyk. Dan sil besjoen wurde oft de struktuer oanpast wurde moat.