Undersyk nei oare farrûte foar frachtskippen op PM-kanaal

12 nov 2014 - 12:29

Foar swiere frachtskippen dy't fan it PM-kanaal nei Hearrenfean farre, komt ûndersyk nei in alternative farrûte. De FNP hat in brief krigen fan doarpsbelang Terherne en dêr stiet yn dat der mear gefaarlike situaasjes op it wetter ûntsteane troch de komst fan hieltyd gruttere skippen fan soms wol 110 meter. Hoewol't de skippen mar 7 kilometer yn de oere farre meie, ûntsteane gefaarlike situaasjes op plakken dêr't ek in soad toeristen farre.

Ek slibbe de jachthavens flugger ticht troch de gruttere frachtskippen.

It foarstel ta it ûndersyk wurdt stipe troch PvdA, CDA en it ûnôfhinklike steatelid Otto van der Galiën en sil dus útfierd wurde. De provinsje jout ta dat de sitewaasje gefaarlik is. Der leit ek al in plan klear om dit op te lossen, mar dêr hinget in priiskaartsje oan fan 20 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)