Gjin Foarjiersfair fan Lionsclub mear yn Aldeberkeap

12 nov 2014 - 10:52

De Lionsclub fan Eaststellingwerf lûkt nei 15 jier de stekker út har jierlikse Foarjiersfair. Oarsaak is ûnder oare it legere tal besikers. De fair is yn 1998 opset om jild op te heljen foar ferskate goede doelen. De lêste jierren wie der hieltyd mear konkurrinsje fan lyksoartige merken en dêrtroch kamen minder minsken nei Aldeberkeap. Ek de opbringst gie dêrtroch bot nei ûnderen.

De Lionsclub sjocht no nei de mooglikheden foar in nij evenemint om jild foar it goede doel op te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)