Natuergebieten ferbine om rekreaasje te stimulearjen

Nasjonaal Park De Alde Feanen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De ferskate natuergebieten yn Fryslân moatte mei-inoar ferbûn wurde om sa de rekreaasje en it toerisme te stimulearjen. Dat plan hat de PvdA yn Fryslân. Neffens de partij is Fryslân mear as it Waad en de marren.
Troch it Nasjonaal Park Lauwersmar te ferbinen mei it Nasjonaal Lânskip De Noardlike Fryske Wâlden, it Nasjonaal Park Drents-Friese Wold en it Nasjonaal Lânskip Súdwest-Fryslân, ûntstiet in 'recreatieve ketting'. Der ûntstiet dan in natuergebiet fan 150 kilometer lang. It gebiet krijt hjirtroch in ympuls, sa tinkt de partij.