Bewenners by Frjentsjerterbosk net bliid mei beammekap

Bewenners oan de râne fan de Frjentsjerterbosk binne net bliid mei de plannen om 50 persint fan de beammen yn it bosk te kappen. Se binne it benammen net iens mei de wize wêrop't dat bart. De Stichting Boskbehear Fryslân fynt dat it fertutearze bosk no oanpakt wurde moat. De beammen wurde omhelle om romte te meitsjen foar nije oanplant. Dat wurdt dien mei grutte masines.
Neffens de bewenners wurdt dêrtroch de boaiem tefolle oantaast. Ek komme de wenningen pal op de wyn te stean as der safolle beammen yn ien kear fuorthelle wurde.
De bewenners hawwe in brief oan de gemeente skreaun yn de hoop dat de plannen oanpast wurde.