Syktocht nei leukste gymles op basisskoalle

© ANP
De sportstimulearringspriis fan it Sportgala Fryslân 2015 stiet yn it teken fan sporte en bewege op de basisskoalle. De organisaasje fan it evenemint wol mei it gala net allinnich de klam lizze op topsport, mar ek op de breedtesport.
Fryske basisskoallen wurde oproppen om in filmke te meitsjen om sjen te litten wat harren leukste gymles is. It giet er dêrby om dat bern op in leuke, opfallende of ferrassende wize sjen litte hoe't sa'n les der út sjocht. In faksjuery sil trije skoallen nominearje.
De sportprizen, ek foar sportman, sportfrou en sportploech, wurde op 18 febrewaris takom jier útrikt.