Politike partijen klear mei jongeren stichting

11 nov 2014 - 17:37

De jongere-organisaasjes fan de PvdA, D66 en it CDA stappe út de Stichting Jongeren en Politiek Fryslân. Se binne net tefreden oer de organisaasje. Se fine dat doelstellingen net helle binne, dat de trochstream yn it bestjoer net goed is, wêrtroch de stichting korrupsjegefoelich is. Aktiviteiten wurde al jierren min besocht en smite ek neat op.

Ek kamen de trije jongerepartijen der earder dit jier achter dat der noch in fiif jier âlde rekken iepenstie mei dêrop in skuld.

De CDA, PvdA en D66 jongeren sille no mei syn trijen fierder yn in nije organisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)