FNV yn aksje tsjin oeroeren by Feenstra Verwarming

11 nov 2014 - 17:22

Monteurs fan ynstallaasjebedriuw Feenstra Verwarming soene struktureel safolle oeroeren meitsje, dat dit yn striid is mei de arbeidstidewet. Om de problemen juridysk oan te pakken is fakbûn FNV Metaal tiisdei begûn mei in online klachtemeldpunt. It fakbûn wol de klachten sammelje om dy troch te jaan oan de arbeidsynspeksje en mooglik ek nei de rjochter te stappen.

It fakbûn hat - yn oerlis mei de leden - foar dizze strategy keazen omdat de direksje fan Feenstra Verwarming oant no ta wegerje soe om op de klachten te reagearjen.

Neffens de direksje soe it gean om 'individuele problemen'. Neffens fakbûnsbestjoerder Anne van Dyk is dat ûnsin; it giet om strukturele problemen mei oeroeren dy't ûntstien binne nei it ynfieren fan in nij wurkroaster. It nije roaster is sa krap, dat monteurs it faak net oan tiid ha soene om te iten. Ek soene sy nei jûns- en nachttsjinsten ûnfoldwaande rêst krije om by te tanken. Troch it nije roaster binne de boppedat de arbeidsbetingsten bot minder wurde sûnder dat dit foarôf mei de monteurs oerlein is.

Neffens wurdfierder Ariane Volz fan Nuon - de eigener fan Feenstra Verwarming - besiket it ynstallaasjebedriuw mei de nije roasters effisjinter te wurkjen en is dit hiel soarchfâldich mei de wurknimmers bepraat. As der dochs noch klachten binne wol de direksje hjir graach oer oerlizze mei de fakbûnen. De doar stiet iepen, sa seit frou Volz. Der is frou Volz neat bekend fan in brânbrief fan de fakbûnen dêr't de direksje net op reagearre hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)