Rêdingsaksje foar stikelbargen yn Snits

Frijwilligers fan de Fûgelwacht en de diereambulânse hawwe tiisdei yn Snits op jacht west nei stikelbargen. Dat gebeurde yn de tunen fan in oantal te slopen hierwenten. De stikelbargen dêr drigen de dupe te wurden fan dy sloop. Sy sitte no tsjin de wintersliep oan en as sy dêrfoar gjin goed plak ha, geane sy dea.
De oannimmer dy't yn de wyk aktyf is, soarge foar kisten dêr't de stikelbargen yn kinne. Dêrnei waarden sa'n acht bisten mei kiste en al nei in rêstich plakje ferhuze. Ien en oar gebeurde op inisjatyf fan in buertbewenner.