Follybalsters Snits wolle nei Alterno Europa yn

De follybalsters fan Snits begjinne woansdeitejûn oan har Europeeske aventoer. Yn de Snitser sporthal is lânskampioen Alterno fan Apeldoorn de tsjinstanner. Dy ploech waard ôfrûne sneon foar de nasjonale kompetysje noch ferslein en oan it begjin fan it seizoen ek foar de Supercup. Doel fan de Snitser froulju fan trainster Petra Groenland is de folgjende omloop fan de Challenge Cup te heljen, want dan kinne se echt Europa yn.