Harnzer kroechbazen op kursus foar drugs- en alkoholgebrûk

11 nov 2014 - 11:29

Kroechbazen yn Harns hawwe fan de Keninklike Hoareka Nederlân in kursus krigen om better om te gean mei gasten dy't tefolle alkohol of drugs brûkt hawwe. Doel fan de kursus is om riskant gebrûk fan ferslaavjende middels op tiid te werkennen, sadat kroechbazen op 'e tiid yngripe kinne by ynsidinten. Ek waard de basiskennis fan de hoarekameiwurkers byspikere op it mêd fan wetjouwing en feilich útgean. Sa'n tweintich ûndernimmers diene mei oan de kursus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)