Kollumer wol doarpsgenoat delstekke om kompjûter

11 nov 2014 - 10:56

In 49-jierrige man út Kollum is moandei oanhâlden op fertinking fan poging ta deaslach op in doarpsgenoat. De fertochte gie yn de middei nei de wenning fan it 45-jierrige slachtoffer, om't beide manlju spul hiene oer in kompjûter. It petear by de foardoar rûn lykwols folslein út de hân. Neffens it slachtoffer fernielde de fertochte it rút yn de foardoar, wêrnei't er de bewenner besocht te stekken mei in stik glês. Dêrby rôp er dat er it 45-jierrige slachtoffer dea meitsje soe.

Doe't it slachtoffer de plysje belle en oanjefte die, naaide de fertochte út op 'e fyts. Hy koe yn syn wenning oanhâlden wurde. De 49-jierrige man wurdt fertocht fan fernieling, bedriging en poging ta deaslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)