Ek TechnetKring yn Tytsjerksteradiel

Undertekenjen fan de oerienkomst © Netwerk Noordoost
Nei Dongeradiel, Dantumadiel, Achtkarspelen en Kollum krijt ek Tytsjerksteradiel in eigen TechnetKring. Yn de kring wurkje yndustriële bedriuwen, de basisskoallen, it CSG Liudger en OSG Singellân gear om jongeren te ynteressearjen foar de technyksektor. Doel is om mei dizze saneamde Gouden Trijehoek ferbining te lizzen tusken de arbeidsmerk en it ûnderwiis yn de regio.