"Hearrenfean net skrasse as wynmûnelokaasje"

It duorsumensplatfoarm fan It Hearrenfean is bot teloarsteld oer it plan fan it kolleezje om it IBF-terrein te skrassen as wynmûnelokaasje. Neffens de inisjatyfnimmers rint de gemeente dêrmei te hurd op de saken foarút. De lokaasje stiet ommers op de reservelist fan de provinsje.
Boppedat is in mearderheid fan omwenjenden en bedriuwen op it terrein hielendal net tsjin wynenerzjy. Dat de plannen no al in hakke set wurde, giet it platfoarm dan ek te fier.