Ynsammelaksje foar itensbank fan start

Fan 11 novimber oant en mei 19 desimber besiket Omrop Fryslân mei help fan alle harkers, sjoggers en besikers safolle mooglik itensguod yn te sammeljen foar de Fryske itensbanken. 'Samen voor de Voedselbank' is in inisjatyf fan 12 regionale omroppen yn Nederlân. Foarich jier hold RTV Noord al sa'n selde soart aksje.
Yn Fryslân wurde hieltyd mear minsken ôfhinklik fan de itensbank. De itensbanken yn Fryslân wurkje manmachtich om al dy minsken alle dagen wer fan iten te foarsjen. Dêr binne in hiel soad produkten foar nedich.
Op in spesjale Omrop-webside stiet alle ynformaasje oer it ynsammeljen fan itensguod: www.omropfryslan.nl/voedselbank