Jacht op wanbetellers en feroardielden yn Fryslân

10 nov 2014 - 19:52

Plysjeminsken yn Fryslân gean de kommende wiken by de doarren del om iepensteande boetes yn te barren of minsken op te spoaren dy't noch in selstraf iepenstean hawwe. Fierder hâldt de plysje ferkearskontrôles dêr't mei in kentekenregistraasje-systeem wanbetellers opspoard wurde kinne.

De grutskalige aksje is in ferfolch op de lanlike opspoaring dy't in pear wiken lyn al úteinset is. De kommende dagen krije minsken earst noch de kâns om harsels te melden op it plysjeburo of de boete te beteljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)