Wurkgroep asylsikers Drachten: bliid mei Europeeske útspraak

De Interkerkelijke werkgroep Asielzoekers Drachten is bliid mei it beslút fan it Europeesk Komitee foar Sosjale Rjochten om de opfang fan útprosedearre asylsikers te ferbeterjen. De wurkgroep krijt geregeld fragen fan minsken foar húsfesting, mar kin faak net oars as de minsken fuortstjoere. En dat rekket harren bot.
Mei it Europeeske beslút komme der mear mooglikheden foar de opfang. Yn de útspraak stiet dat alle asylsikers rjocht hawwe op iten, klean en húsfesting.
Steatssiktaris Teeven is weromhâldend yn syn reaksje. Hy wol earst oerlizze mei syn kollega's yn Europa.