Direkteur Cambuur is it net iens mei krityk op keunstgers

In grut tal fuotbalclubs út de earedivyzje fine dat keunstgers de kompetysje ûnearlik makket. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Algemeen Dagblad. It ûndersyk waard hâlden ûnder trainers, keepers en spilers. Benammen de grutte klups, lykas Ajax, PSV en Feyenoord binne tsjin it keunstgers.
SC Cambuur is ien fan de seis klups út de earedivyzje dy't op keunstgers fuotballet. Neffens direkteur Van den Belt befalt it gers dat ferline jier oanlein is poerbêst.
Ek Dwight Lodeweges, trainer fan Sportklup Hearrenfean, is foarstanner fan keunstgers. De trainer fan de Feansters fynt net dat it fuotbaljen op in keunstgersmatte oar spul opsmyt as op in matte fan gewoan gers.