Spaanske delegaasje komt op speeddate by UWV

In delegaasje fan it Spaanske ministearje fan sosjale saken en wurkgelegenheid komt woansdei nei Ljouwert ta om te sjen by it UWV. De besikers binne ynteresearre yn de speeddate, dy't it UWV alle moannen organisearret. Op dizze dagen wurde wurksykjenden om tafel set mei wurkjouwers en útstjoerburo's. Op dizze wize leare de minsken te netwurkjen en harsels te presintearjen.
De wurkjouwers en útstjoerburo's wurde spesjaal selektearre. Sy meie allinnich komme as se fakatueres hawwe of meikoarten ferwachtsje te hawwen.