Tûzenen kraanfûgels teard foar slachtoffers fleanramp

De groepen 7 en 8 fan basisskoalle de Stapstien yn Kollumersweach binne drok mei it tearen fan kraanfûgels. Dy binne foar de 298 slachtoffers fan de fleanramp mei de MH17. Foar elk slachtoffer wurde tûzen fûgels teard, troch it hiele lân. Spesjale gedachten geane dêrby op de skoalle yn Kollumersweach út nei Hieke Raap, de muoike fan juf Sietske. Sy is ien fan de minsken dy't by de ramp omkaam is.
De bern yn Kollumersweach ha al dik 3500 papieren kraanfûgels teard. Lannelik hat de aksje al 30-tûzen kraanfûgels opsmiten.
Inisjatyfnimster fan de hiele aksje Tjitske Dijkstra wol graach dat de tûzenen fûgels úteinlik troch in keunstner ferwurke wurde yn in keunstwurk.