Omrop Tip: frijwilligers yn it sintsje yn 'Foarinoar'

10 nov 2014 - 15:43

‘Foarinoar’ is in nije searje fan Omrop Fryslân oer frijwilligers yn ús provinsje. Frijwilligers binne hjoed-de-dei in ûnmisber ûnderdiel fan de maatskippij. Genôch reden dus om dizze minsken yn it sintsje te setten.

Fan 17 novimber ôf wurdt alle wurkdagen in nije ôflevering fan 'Foarinoar' útstjoerd. Eltse dei lit in oare frijwilliger sjen wat hy of sy docht. Dat kin fan alles wêze: fan it bestjoeren fan in skûtsje oant it begelieden fan in koar, fan hynsteride mei minsken mei in beheining oant it helpen by de itensbank.

Frijwilligers meitsje in wichtich diel út fan de ‘mienskip’; ek in wichtich tema binnen Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Sûnder harren soe it gewoanwei net mooglik wêze om sportklups of it kultureel erfgoed te behâlden. Tink bygelyks oan mûnen, dy't allegeare draaiende hâlden wurde troch frijwilligers. Sels de measte musea draaie mei help fan frijwilligers. Ek yn de soarch binne alle ekstra hannen wolkom.

De searje giet yn 30 ôfleveringen de hiele provinsje troch. De frijwilligers nimme ús mei nei bygelyks ferskate natuergebieden, musea, skoallen, fersoargingstehuzen, in botanyske tún, in asylsikerssintrum, in tsjerke en it doarpshûs.

In foarpriuwke fan 'Foarinoar' is moandei oant en mei woansdei te sjen yn Bynt. En de earste ôflevering giet oer Wybren Siemensma en is no al hjir te sjen. Wybren Siemensma is mûnder fan mûne ’t Zwaantje yn Nijemardum. It is de leste poldermole yn it gebiet. Foar moles jildt: draaien litte is ûnderhâlde. En dat kin allinne mei frijwilligers.

Mear oer de searje 'Foarinoar' is te finen op www.facebook.com/foarinoar

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)