Twahûndert ynskriuwingen foar 'Talint foar Fryslân II'

Mear as 200 Fryske ûndernimmers ha moandei in oanfraach yntsjinne by it provinsjale projekt 'Talint foar Fryslân ll'. Dat is útein setten yn it provinsjehûs. Doel is om jongeren oan in baan te helpen, sadat se ûnderfining opdwaan kinne. De animo is grut, mar der is troch de provinsje mar foar 100 jonge meiwurkers jild beskikber steld.
De subsydzjeregeling makket ûnderdiel út fan it provinsjale ynvestearringsprogramma 'Wurkje foar Fryslân'. Hjir sit 300 miljoen euro oan Nuon-jild yn.
It projekt rint in jier en dan wurdt besjoen oft der in 'Talint foar Fryslân lll' komt. De jongeren moatte nei in jier op syk nei in baan.