"Leaver gjin útstel beslút oer wynmûnen"

10 nov 2014 - 15:23

De steatefraksjes fan de PvdA, CDA en FNP wolle 17 desimber in beslút nimme oer de pleatsing fan wynmûnen yn de provinsje. It liket der net op dat se dit beslút útstelle wolle. Ald-deputearre Jan Ploeg is foarsitter fan de 'Stichting Gjin Rromte Foar Wynhannel' en hy wol dat de Steaten de gearkomste útstelle, sadat der earst in referindum holden wurde kin.

De fraksjes moatte dêr noch oer fergaderje, mar no is al dúdlik, dat útstelle net echt in opsje is.

Op dit stuit wurdt al wol ûndersocht oft in referendim oer dit ûnderwerp juridysk mooglik is.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)