Skinen mei laserpin strafber

29 feb 2012 - 18:16

It skinen mei in laserpin op fleantugen en helikopters wurdt strafber. Minsken dy't piloaten yn harren wurk hinderje kinne in finzenisstraf of in jildboete krije. Dat makke steatssekretaris Joop Atsma woansdei bekend.

De maatregel is bedoeld om de feiligens yn de loftfeart te ferbetterjen. Yn 2011 is 571 kear melding makke fan oerlêst troch laserpinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)