Natuermuseum is nominearre

29 feb 2012 - 16:58

It Frysk Natuermuseum is nominearre foar de Museumpriis 2012. It museum krijt by winst 100.000 euro fan de Bankgiroloterij. Tema dit jier is it bernemuseum. De priis is foar it museum dat him it effektyfst en it meast fernijend ynset foar bern tusken 4 en 12 jier. Ut 50 ynstjoerings hat in faksjuery 4 finalisten keazen. Njonken it Ljouwerter museum meitsje it Kinderboekenmuseum yn Den Haach, it skipfeartmuseum yn Amsterdam en Naturalis yn Leiden kâns op de haadpriis. It publyk bepaalt de winner troch op webside www.museumprijs.nl te stimmen.

It Natuermuseum wol it jild brûke foar in grutte útstalling oer de skries. Yn it atrium fan it museum komt in twa meter hege gersflier dêr't besikers as in fûgel yn omstappe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)