'Lutz Jacobi makket gjin kâns'

29 feb 2012 - 12:20

Lutz Jacobi fan Wergea makket gjin inkele kâns op it partijliederskip fan de PvdA. Dat byld komt út de lanlike kranten nei foaren. Neffens de Volkskrant docht se 'voor spek en bonen' mei. Elsevier skriuwt dat se op it Binnenhof benammen bekend is om har 'karakteristieke lage stemgeluid'. Yn de Telegraaf stiet dat har kandidatuer min fallen is yn de fraksje. Froulike fraksjeleden soene poer wêze om't se konkurrinsje foarmet foar Albayrak. De webside Geenstijl stipet Lutz, dêr wurdt se 'noeste dame met gepolijste uilenbril' neamd.

Neffens politikolooch Rieks Osinga fan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert makket Lutz Jacobi wol deeglik kâns op it liederskip fan de PvdA. Foar it grutte publyk is se net sa bekend, mar binnen de partij wol. De leden fan de partij moatte de opfolger fan Job Cohen kieze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)